02-04-2018

Brief van ver (1)


Brief fan fier

Reizigje wy mei ús wurden op
in brief
oer de strjitte,
de huzen bylâns.
Waage, fan in opdruk foarsjoen
en taskikt
oan wa foar ús op in paad giet,
brêgen oerstekt, pleinen,
somtiden in see dertusken.

Yn deade ûren úttekene
troch stiltme, rinne wy
ús libben nei, staverje de tiid
dy't bliuwt. Ik bin net hjir, skriuw ik,
mar earne oars
en besjoch it skowe
fan it skaat.
Bûten boartet it himmelljocht.
Hoe hâldt God it út, wol ik freegje
in nachtegael sjongt
yn folle pronk.


Nim dit brief fan my, ornearre
mei reade krânsen wyn,
fâldzje myn wurden
oer dyn tafel út, ferjouw de kromkes
dy't tusken de wurden slûpe,

en lês hoe't hjir de wyn
yn âlde beamen pûstet, weifalt


alle tiiden troch.

 frb

In het Fries vertaald door Roel Idema
(Morgen volgt het origineel!)


Geen opmerkingen: